Diel dit berjocht

Waarmer

17 septimber 2024

DE JOUWER – Wy sitte dizze wike yn in rite mei hiel kreas neisimmerwaar en it wurdt noch wat waarmer as moandei en tiisdei.

Tiisdeitenacht is it helder en drûch. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 10 graden hinne.

Woansdei skynt de sinne in soad en it wurdt mei 18 oant 22 graden noflik waar. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns miskien frij krêftich.

Tongersdei en freed feroaret der hast neat oan it rêstige en waarme septimberwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter