Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Freed (tonger)buien

DE JOUWER – It wie tongersdei earst suterich, mar geandewei waard it hiel kreas en noflik maitiidswaar. Freed falle der buien, miskien wol mei tonger.
Tongersdeitenacht bliuwt it drûch en op guon plakken soe damp ûntstean kinne. By hast gjin wyn wurdt it 10 graden.
Freed skynt de sinne earst geregeld, mar middeis rekket de loft berûn en kinne der rein- as tongerbuien falle. Yn ‘e moarntiid stiet der hast gjin wyn, yn ‘e middei is de wyn swak út ferskillende rjochtingen. De temperatuer sil, nei alle gedachten, krekt ûnder de 20 graden bliuwe.
Sneon liket it waar bot op dat fan freed, mar it wurdt wol wat waarmer.
Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter