Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Kâns op in bui

DE JOUWER – De lêste wiken tilt it op fan de wylde loften. Dat komt troch it ûnstabile waar. Dizze wike is it ek wer net stabyl, mar wol noflik maitiidswaar.

Moandeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it súdwesten. It wurdt 10 graden.

Tiisdei skynt de sinne sa út en troch, mar der kin ek in bui falle. Yn ‘e middei rekket de loft stadichoan berûn, mar it liket oant de jûn drûch te bliuwen. De súdwestewyn is matich, middeis by de kust lâns frij krêftich. Mei 18 graden is it oan de frisse kant.

Woansdei falle der mear buien.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter