Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Minder wiet

DE JOUWER – Der is tiisdeitenacht yn Fryslân wer hiel wat wetter fallen. Tongersdei en freed bliuwe de buien noch, mar it wurdt stadichoan wol minder wiet.

Woansdeitenacht kin der in bui falle. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it westen. It wurdt 11 graden.

Tongersdei wikselje hingelwolken, wat sinne en in pear buien inoar ôf. De súdweste- oant westewyn is swak oant matich en de temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Freed  kin der noch hieltyd in bui falle, mar in ferreinde dei wurdt it perfoarst net. De wyn komt út it noarden en is swak oant matich. Mei 17 graden fielt it fris oan.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter