Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Net in soad sinne

DE JOUWER – It bliuwt yn it wykein, sa goed as, drûch, mar it is wol oan ‘e skiere kant en hiel waarm wurdt it ek net.

Sneon is de loft it grutste part fan ‘e dei berûn, mar it liket drûch te bliuwen. Moarns komt de wyn út it noardwesten en is swak oant matich, middeis stiet der in matige noardewyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar is de wyn dan krêftich. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Snein bliuwt it drûch en de kâns op wat sinne is in bytsje grutter. By in matige noardewyn wurdt it 18 graden.

Moandei feroaret der net in soad oan it frisse waar. De matige wyn komt wer út it noarden. In glimp fan de sinne is net útsletten en it bliuwt wer, sa goed as, drûch. De temperatuer leit moandei ek krekt wer ûnder de 20 graden.

Jan Brinksma

Foto: Starum © Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter