Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Skiere freed

DE JOUWER – It wie tongersdei in hiel kreaze simmerdei, mar foar waarm simmerwaar moatte wy noch wachtsje oant nije wike.

Tongersdeitenacht kin der in bui falle en by in matige súdwestewyn wurdt it 12 graden.

Freed kin de sinne earst sa út en troch noch skine en der is kâns op in bui. Yn ‘e middei is de loft berûn en sil it (wat) reine. Yn ‘e moarntiid is de súdwestewyn matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. Middeis komt de wyn út it suden oant súdwesten. It wurdt 17 graden.

Yn it wykein hâldt it ritige waar oan.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter