Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Suterich

DE JOUWER – Nei in wiete woansdei bliuwt it spitigernôch noch in pear dagen wrakseljen mei it waar, mar nije wike sil it better wurde.

Woansdeitenacht kinne der in pear buien falle. De súdweste-, letter westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.

Tongersdei skynt de sinne, nei alle gedachten, geregeld, mar in buike is net útsletten. De wyn komt út it westen en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 17 graden is it fierstente kâld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter