Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Tongersdei wer sinne

DE JOUWER – Nei in skiere woansdei krije wy tongersdei de sinne sa út en troch wer te sjen.

Woansdeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en by in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 12 graden.

Tongersdei wikselje in berûne loft en wat sinne inoar ôf, mar middeis kin der ek in bui falle, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. It wurdt krapoan 20 graden.

Freed feroaret der net in soad oan it noch hieltyd wat ûnstabile waar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter