Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Woansdei mear sinne

DE JOUWER – It wie tiisdei in noflike, mar wol wer skiere maitiidsdei. Woansdei is de kâns op sinne, nei alle gedachten, wat grutter.

Tiisdeitenacht reint it earst, mar letter wurdt it drûch. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten, mar rommet letter yn ‘e nacht nei it noardwesten. It wurdt 10 graden.

Woansdei skynt de sinne geandewei geregeld en it bliuwt drûch. De wyn komt út it westen en is swak oant matich, by de noardlike kust lâns sa út en troch frij krêftich. It wurdt net folle waarmer as 16 graden.

Tongersdei feroaret der hast neat oan it waar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter