Diel dit berjocht

Wer waarmer

21 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in pear flinke buikes waard it woansdei noch in kreaze dei, mar der stie wol in soad wyn en it wie in stik minder waarm as de lêste tiid. Fan tongersdei ôf giet de temperatuer wer omheech.

Woansdeitenacht bliuwt it drûch. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.

Tongersdei skynt de sinne earst flink, mar by de noardlike kust lâns rekket de loft al berûn. Dat bart letter oeral yn Fryslân en yn ‘e middei soe it op guon plakken in bytsje reine kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd. De temperatuer leit op de measte plakken krekt boppe de 20 graden.

Freed liket in hiel rûzige dei te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter