Wiete dagen

DE JOUWER – It wie moandei al hiel oar waar, mar it bleau, sa goed as, drûch. Tiisdei falt it mei de delslach ek noch wol ta.

Moandeitenacht soe der in bui falle kinne en by in swakke oant matige sudewyn wurdt it 10 graden.

Tiisdei is de loft meast berûn en middeis falle der in pear buien.  De sude- oant súdwestewyn is matich, mar yn ‘e rin fan ‘e middei rommet de wyn by de kust lâns nei it westen en wurdt dêr matich oant frij krêftich, by de noardlike kust lâns krêftich. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

Woansdei, tongersdei en freed wurde wiete dagen.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter