Diel dit berjocht

Woansdei djiptepunt

10 septimber 2024

DE JOUWER – It is in pear dagen rûzich, ritich en oan ‘e kâlde kant en dat is efkes wennen. Woansdei wurdt de minste dei.

Tiisdeitenacht falle der in pear buien. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet in frij krêftige westewyn. It wurdt 10 graden.

Woansdei falle der geregeld buien, miskien wol mei tonger, heil en swiere wynpûsten. De westewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt mar 15 graden.

Tongersdei feroaret der noch net in soad, mar fan freed ôf wurdt it wer wat better waar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter