Diel dit berjocht

Woansdei minder waarm

DE JOUWER – It wie in neare tiisdei, mar woansdei sil it in hiel stik minder waarm wurde.

Tiisdeitejûn falle der, miskien wol swiere, tongerbuien, mei kâns op heil, in soad reinwetter en wynpûsten. Yn ‘e nacht wurdt it drûch en by in swakke oant matige súdwestewyn is it mei 17 graden tige myld.

Woansdei wikselje wat sinne en in  berûne loft inoar ôf. Op guon plakken kin in bui falle. Yn ‘e rin fan ‘e middei klearret it flink op. By in matige súdwestewyn wyn wurdt it krapoan 20 graden.

Tongersdei feroaret der net in soad oan it gewoane simmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter