Diel dit berjocht

Woansdei minder waarm

20 augustus 2024

DE JOUWER – It bleau tiisdei noch in hiel skoft drûch, mar lang om let waard it dan dochs wiet. Woansdei it it drûch, mar it kuollet wol wat ôf.

Tiisdeitejûn kin it earst noch reine, mar tiisdeitenacht bliuwt it, op in bui nei, drûch. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns stiet in frij krêftige oant krêftige westewyn. It wurdt 12 graden.

Woansdei skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. By de noardlike kust lâns kin noch wol in bui falle. De wyn komt út it súdwesten, middeis út it westen en is matich, by de noardlike kust lâns earst frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 20 graden.

Tongersdei bliuwt it drûch en de temperatuer giet wer wat omheech.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter