Diel dit berjocht

Woansdei noch waarmer

DE JOUWER – It wie tiisdei yn in grut part fan Fryslân in waarme simmerdei en woansdei kin it noch wat waarmer wurde.

Tiisdeitenacht is it helder en der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it noardeasten. Mei in graad of 14 sil it in mylde nacht wurde,

Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei, mar yn ‘e middei ûntsteane der wol wer wat hingelwolken. Yn ‘e moarntiid stiet der boppe it fêstelân fan de provinsje hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de noardeastewyn matich. Middeis komt de wyn út it noardeasten oant easten en is dan swak oant matich. De temperatuer leit hast oeral tusken 25 en 29 graden.

Tongersdei is it ek noch simmer, mar fan freed ôf wurdt it minder waarm en in bytsje ritiger.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter