Diel dit berjocht

Wykein mei twa gesichten

23 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in rûge en suterige freed hat it wykein twa gesichten. Sneon liket it waarm te wurden, mar snein kuollet it wer ôf.

Sneon is de loft earst berûn en kin it wat reine, mar letter komt de sinne der, nei alle gedachten, ek by. By in matige oant frij krêftige sudewyn leit de temperatuer tusken 20 en 24 graden.

Snein skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn wurdt it krapoan 20 graden.

It waar fan moandei liket bot op dat fan snein. De sinne skynt wer geregeld en by in matige súdwestewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Fan tiisdei ôf krije we in lange rite mei waarm simmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter