Diel dit berjocht

Agni Dei | Fotoferhaaltsje

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Wa bin ik as gjinien sjocht?

Moarns rin ik earst altyd efkes mei de hûn. Om ‘e him hoecht dat net, want hy is sa frij as in fûgel op ús boerehiem. Iksels haw ferlet fan wyn troch it hier foardat ik achter it byldskerm sitten gean.
Mei in hûn is it geselliger. Boppedat sjoch ik mysels sa rinnen as ik allinnich bin. It fielt sûnderling. Wat moat dat dêr, ferbyldzje ik my dat der tocht wurdt. En dat wylst der op dy oere fan de dei hast noait minsken binne …

Wat kin my dy tinkbyldige minsken skele?
As ik allinnich thús bin, meitsje ik soms dochs wurk fan myn uterlik. Foar mysels, hâld ik my foar. Gjinien dy’t it sjocht, mar ik fiel my better as ik my kreas yn ’e klean stutsen en de kaam troch it hier hân haw. Ik krij der enerzjy fan en haw earder oanstriid om nuttige dingen te dwaan. Mei de hiele dei yn in joggingpak belânje ik suver fansels op ’e bank om nei Netflx te sjen.

Wa bin ik as gjinien sjocht?
De blik fan oare minsken soarget derfoar dat ik it gefoel haw mei te draaien yn de maatskippij, mei te tellen. Soms is sels in tinkbyldige blik genôch. Dy jout sin oan myn beuzichheden. Goed besjoen is dat raar, foaral foar in ûnôfhinklike, selsbewuste frou. Mar dêr sit ik net mei. Jinsels foar de gek hâlde kin hiel nuttich wêze.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter