Diel dit berjocht

Bonne journée

‘Ce chien est très jeune et fougueux.’ Ik doch myn bêst om it te ferstean en nim der efkes de tiid foar, mar it slagget my net.
‘Sorry?’ sis ik. ‘This dog, very young’, seit de frou wylst se nei in skattige, wat ferlegen labrador wiist. De hûn draacht in rôze boerebûsdoek om ‘e hals.
‘This one, very old’, sis ik wylst ik nei Snowy wiis, mocht it noch net dúdlik wêze.
Se strúnt troch de strjitten fan it lytse stedsje; se is hast tolve en hat lêst fan ‘e heupen.
‘Bonne journée’, sizze we wylst we beide in oare kant opgeane.

 

eigen foto

Wy rinne by de heuvel del, by in seefruchtediske lâns, nei de brêge fan in lyts eilân.
Links fan ús leit noch in eilân, mei in lyts húske derop, dêr’tst hinne swimme kinst as it eb is.
Snowy rint oer de brêge en dêrnei fia de boatehelling it strân op, dat by eb ûntstiet, op ’e siik nei krabkes en skulpen, dy’t se lûd kreakjend opfret.

 

 

 

eigen foto

Sels fyn ik in grutte krabbe tusken it seewier, dea. Dat lit my tinke oan de grutte kreeften yn de supermerk, dy’t libben op iis lizze, mei tichtplakte skjirren, wachtsjend op ’e dea; libben sean of gewoan fan ellinde deagien. Ik freegje my ôf hoe’t dizze krabbe stoarn is.

 

 

 

 

 

 

 

eigen foto

As wy fierder oer it strân rinne, sjogge we allegearre oesters oan de stiennen sitten.
Ut en troch komme hjir minsken mei ammerkes en grutte messen om se los te wrikken en mei te nimmen.
Wy sjogge ek wolris minsken mei skepnetten en angels yn it spier.
Snowy fynt de oesters hiel nijsgjirrich; sels fyn ik se mar goar en bestelde ik yn it fiskrestaurant in tsiisburger.

 

 

eigen foto

Werom by de brêge stekke we wer nei it fêstelân ôf, dêr’t in frou mei twa Frânske hûntsjes stiet te swaaien.
‘Ils peuvent dire bonjour?’  ‘Bonjour, oui!’ sis ik.
Faak folje ik gewoan yn wat ien seit as ik it net ferstean; it ynskatten giet reedlik, mar net altyd.
Lykas doe’t we by fersin paninys by ús bestelling krigen dy’t we, neffens ús, net besteld hiene, mar dat wie net sa slim.
De frou mei de twa hûntsjes seit noch wat tsjin ús, mar Snowy lûkt al oan de riem; se wol nei it húske om lekker op de koele flier te lizzen, sa no en dan nei de tún te ferhúzjen, om dêr om bar yn de sinne en yn it skaad te lizzen, wylst klysters de tún trochsykje op ’e siik nei wat iten.
‘Bonne journée!’, rop ik noch nei de út it sicht ferdwinende frou.

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter