Diel dit berjocht

De film dêr’tst net mear fan sliepe kinst

As ik koppen tsjinkom mei ‘de yslikste film ea’ deryn of ‘minsken kinne dizze film net oan en ferlitte de bioskoop’, dan kin ik it net litte om dy films krekt op te sykjen en te sjen. Myn nijsgjirrigens wurdt altyd daliks prikele. Sa fûn ik lêsten in artikel yn Schokkend Nieuws, in tydskrift dat him op horror-, thriller- en sciencefictionfilms rjochtet. It gie oer de Nederlânske film Spoorloos út 1988.

Wat myn oandacht luts, wie in yntrigearjende kwote yn it artikel: “Spoorloos is de benearjendste film dy’t Stanley Kubrick ea sjoen hat.” It artikel gie fierder yn op de resinte restauraasje fan de film en dat dy wer yn de bioskoop te sjen is. Dat moast ik fansels meimeitsje! It is altyd in goed idee om Nederlânske klassikers yn te heljen, en boppedat, dit is in film dy’t sels nominearre west hat foar in Oscar. Spitigernôch waard de nominaasje ôfwiisd, omdat neffens de regels op syn minst 70% fan de film yn de taal fan it lân fan komôf sprutsen wurde moat. Yn Spoorloos wurdt lykwols in soad Frânsk praat, wat de film diskwalifisearre. In oare reden om de film te sjen: de muzyk is komponearre troch Henny Vrienten, wat foar my noch in ekstra stimulâns wie.

Spoorloos fertelt it ferhaal fan Rex en Saskia, in stel dat op fakânsje giet nei Súd-Frankryk. Se ride yn harren auto mei twa fytsen efterop, in byld dat foar my hiel werkenber is. Nije wike reizgje ik nammentlik sels mei myn freon Axl, ús hûn Snowy en ús Peugeot – mei twa fytsen efterop – nei Frankryk ôf.

De film makke fuort in eangst by my los, want as it stel by in grut tankstasjon hohâldt, sil Saskia efkes wat drinken helje en ferdwynt dêrnei spoarleas. It is ien fan myn grutste eangsten: dat ien op fakânsje ferdwynt en ik hielendal allinnich efterbliuw, net wittend wat ik dwaan moat. Yn Spoorloos wurdt dy eangst werklikheid.

De film is in spannende, stadich opboude thriller, basearre op Het Gouden Ei fan Tim Krabbé, mei in ôfgryslik ein, dêr’t men noch lang wekker fan lizze kinne. Ik bin wol wat wend wat thrillers oangiet, en fûn de ein minder benearjend as ik ferwachte, mar it wie yn alle gefal ferrassend!
Ik hoopje dat ús fakânsje nije wike better ôfrint.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter