Diel dit berjocht

De wrâld is in Healing Garden

Dichter en keunstner Elmar Kuiper sei it treffend yn in ynterview: ‘De wrâld is al in Healing Garden.’ Hy prate oer in spiritueel festival yn Zeewolde, dêr’t er mei syn freondinne wie. Sels krige ik by ‘Healing Garden’ fuort de kribels.

Lêstendeis kaam ik op ‘e merk yn Ljouwert in klassike moderne hippy tsjin, ynklusyf dreads en edelstienneketting. Se fertelde my dat se har jierdei fierd hie troch mei har freonen yn ’e bosk paddo’s ‘te dwaan’. ‘Mar ik naam in mikrodosearring, want ik jou noch boarstfieding’, heakke se der gerêststellend oan ta. ‘Ik hie ek al ris op in spirituele seremoanje Ayahuasca brûkt doe’t ik swier wie, mar dat wist ik doe noch net’, lake se.

Foto: Janna van der Meer

Ik leau net dat eat dat fan bûten komt, lykas in poddestoel of in seremoanje, immen hielje kin. Wat ik sjoch is dat spiritualiteit – krekt as bygelyks kosmetika – faak gewoan in nije manier is om minsken wat oan te smarren. Want ja, der is altyd wol wer wat dat je net misse kinne en dat je dan keapje moatte. En as it gjin krêm tsjin rimpels is, dan is it wol ien of oar ritueel dat dyn siel sabeare rêde sil. En dat is absolút net fergees.

Eigen foto

Sels tink ik dat lok en rêst al yn dysels sitte. Gjin seremoanje of medisyn fan planten kin dat ferfange. En earlik sein, wêrom soest op ‘e siik gean nei wat dat der al is?
Okkerdeis, by in kuier, seach ik slakken mei-inoar seksen, suvere harmony. Ik seach in hûn oan in blom rûken, twa âlde minsken hân yn hân rinnen, en de koelte en de rook fan de oankommende hjerst hong yn ‘e loft.
De wrâld is al in Healing Garden. Miskien moatte wy gewoan wat better sjen.

Gabrielle Terpstra

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter