Diel dit berjocht

Doe hiene we pas mankelikens!

De âlde toer fan Stiens (foto Bouwe Brouwer; boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0)

Dichters fan hjoed-de-dei hawwe amper mear it fermogen om mankelyk te wurden! Ja, dizige oantinkens oan de tiid foar wifi, of oan de tiid dat yn in húshâlden mar ien auto nedich wie, of doe’t kabel-tv nei Fryslân kaam en MTV fideoklips útstjoerde. Wy binne opgroeid yn nijbouwiken, foar de tv, en alles wat we misse, kinne we fia Youtube maklik werom sjen.

Nee, eartiids, doe wie mankelikens pas in ynspiraasjeboarne. De dichters fan doe misten de wrâld fan harren jonge jierren mei in ynmoed dy’t tsjintwurdich net mear foarkomt. Ja, dêr rekke ik fan oertsjûge doe’t ik lêsten troch it âlde Ljouwerteradiel fytste en ûnderweis gedichten fan de lokale literatuerrûte trof. Dy fan Jan Dotinga haw ik earder oer skreaun, it Fryslân fan syn jonge jierren besjongt er yn de bondel Lytse Ivichheid. Mar de fersen geane noch fierder werom yn de tiid. Sels hûndert jier lyn fûnen Fryske poëten al dat it lânskip mei de foarútgong hurd efterút buorke. Treinen, fabriken, de wrâld waard lûd en begûn te stjonken.

Yn Stiens parkearre ik de fyts en rûn in rûntsje om de Sint-Fitustsjerke. Dêr stiet op in plakkaat in fers fan Piter Jelles Troelstra. Hy skriuwt oer d’ âlde toer, in byld út syn bernetiid:

Dêr triljend sinneljocht syn goud yn weeft.
Stil, steatlik riist er op, as yn de tiid,
Doe’t wy as berntsjes oan syn fuotten boarten.

It is mar in part fan it hiele fers, dat fan Doe en No hjit. En ek dat lange gedicht makket wer diel út fan in rige, It âlde doarp. It beslacht in grut diel fan syn Samle Fersen. Soe men de hiele tekst op in plakkaat hawwe wolle, dan waard dat heger as de toer sels! Sa wat prakkesearjend stapte ik om yn de fuotprinten fan Troelstra, op nei it terras fan kafee De Smalle Brug.

Fan it terras ôf is brêge noch wetter te sjen. Tiden hawwe tiden. Der ride no auto’s foarby, guon elektrysk, sadwaande falt it lawaai en de stank ta. De sinne skynt, trillet en ‘weeft’ fûl, helte fûler as yn de maitiden fan doe. It is de dei nei Eurovision 2024, en de posters mei Britsumer Joost Klein ferblikke op de buorden tusken de doarpen.

Wylst de deaden om ’e tsjerke djipper de grûn ynsinke, koerse trije sweltsjes troch it blauwe swurk, foar de bleke skiif fan de krekt sichtbere moanne del. De toer slacht trije oere, de ober ferûntskuldiget him tsjin in klant dat er net in draachbere pin hat.

It terras sit fol ‘boomers’, de measten mei de e-bike derop út. In stel hat it oer it sjongfestival. De frou fersuchtet, “Ik verlang weer naar de tijd van De Troubadour.”

Doe en no

Dêr stekt út griene beammen d’ âlde toer
De skiere holle oerein yn ‘t blauwe swurk,
Dêr triljend sinneljocht syn goud yn weeft.
Stil, steatlik riist er op, as yn de tiid,
Doe’t wy as berntsjes oan syn fuotten boarten.
Tinzen fan d’ âlde tiid driuwe om syn holle,
Hûgnis fan ieuwen leit drôgjend oer syn lea.
By al wat wiksle wiist dy stoere bliuwer
Jit stom omhegens boppe d’ âlde leane,
Dêr alle deaden ‘t lêste paad oer geane.
De libnen libje en stribje om him yn ‘t rûn,
De deaden sinke rûn him yn ‘e grûn;
Hy bliuwt en stiet dêr stom yn har fermidden,
In grize prester, foar har rêst te bidden.

 

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter