Diel dit berjocht

Fertize | Fotoferhaal

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Wat is der dochs mei dy?
Ik bin lilk en wurd hieltyd lilker. Fansels haw ik it gelyk oan myn kant, mar dat soarget net foar rêst. Wêr moat de spanning dy’t my fan ’e kaakspieren, oer de nekke, by de earmen lâns lûkt, hinne?

Earst is myn man de klos. Dan wurd ik lilk op “it libben” en op ’t lêst, op mysels. Dy faze is it dreechst, want no kin myn lilkens net mear fuort. De frustraasje rint op.

“Wat is der dochs mei dy?”
“Ik wit it net.”

En yntusken is dat ek sa. Myn inerlik is ferwurden ta tsjok sop mei kliemske, ûnbestimde ballen. Allinnich selsbegrutsjen is noch te identifisearjen en dêr skamje ik my foar.
Dus ik sis neat.

Sa kreëarret men problemen.
Wêrom’t ik dat doch?
Gjin idee.

Fertize (foto © Janna van der Meer)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter