Diel dit berjocht

Healwei | Fotoferhaaltsje

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Healwei (foto Janna van der Meer)

Kin fiis sûn wêze?

By ús yn ’e kelder ‘wennet’ in skoby. Dat is in soarte fan slimerige swam, dy’t groeit yn in pot swiete tee. As tsjinprestaasje foar de tee fermintearret de skoby it nei in prikeljend, soer drankje, dêr’t sûnensgoeroes hielendal high fan wurde, sa heilsum is it: kombucha.

Ien kear yn ‘e moanne fiskje ik it griisbrune gefal út syn pot en rispje ik it magyske elikser. Wy drinke it by it jûnsmiel, yn stee fan wyn, as der neat te fieren falt. Yn it fertrouwen dat we der hiel sûn en âld fan wurde sille.

Op in kear as ik de skoby nei de kelder werombring, sjoch ik ús hûn, Jouke, mei wat fertochts yn ‘e bek rinnen: in hazze, heal fergien, it fel los om it liif. De earen sitte der noch oan, mar slepe troch it gers.

Fansels mei it perfoarst net, mar hiel soms ûntkomt de hûn my en giet er mei syn freondinne Aily op jacht. It is teamwurk: de rappe Aily mêdet de proai ôf troch der efteroan te draven. Jouke leit yn ‘e daam te wachtsjen, oant it bist dêrhinne dreaun wurdt. Hy makket it him ôf en ferstoppet de bút.

Nei in pear wike, sadree’t it fleis begjint te rotsjen, of te fermintearjen – om it kulinêr út te drukken –, kin it feest begjinne. It sjocht der echt hiel fiis út. Mar wat tinksto, soe it sûn wêze?

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter