Diel dit berjocht

In festival sûnder stekken

Ferline wike kaam ik wer thús fan in reis nei it Baltyske festival Kilkim Žaibu, in festival mei Baltyske folkstradysjes en metalmuzyk yn Litouwen.

It festival wie yn in grut park, lykas Vijversburg yn Tytsjerk, mei in lânhûs en in grutte mar. Ik helle mei myn freon Axl en ús freon Ate (dy’t op ’e fyts út Fryslân wei kommen wiene!) in tagongsbantsje op en stie fuortdaliks op it festivalterrein; we hoegden net troch in hikke. It ûntbrekken fan stekken joech in gefoel fan frijheid en ferantwurdlikheid. Op West-Europeeske festivals wurdt men faak by alle hannelingen kontrolearre en binne der in soad regeltsjes om it saneamd feilich te hâlden. Op Kilkim Žaibu net en dat docht fertuten. Ik haw noch nea sa’n skjin en kreas terrein sjoen; der lei gjin peukje op ‘e grûn.

By kreamkes waard drinken ferkocht lykas selsmakke sider, yn in beker dy’t wer te brûken wie. Dêr kocht ik in moaie en handige learen bekerhâlder foar. It iten wie lokaal en goed, fan Litouske bitesop oant spareribs mei ierappels en griente.

Der wiene pre-kristlike gebrûken te sjen lykas in tradisjonele brulloft en ir frisseljen fan blommekrânsen foar it fieren fan de langste dei. It like sa no en dan wol as siet ik yn de film Midsommar. Der wiene ek wapens út de Twadde Wrâldoarloch, brûkt en útstald troch Litouske partisanen. Men koe mei in bôge sjitte en der wiene twa poadiums mei muzyk.

Der kaam op in stuit in dronken Poalske jonge op ús ôf. Hy hearde ús praten oer Fryslân en Nederlân en hy mompele dat er in soad wist oer de Alvestêdetocht en alle provinsjes koe er ek. Hy fûn it nuver dat der yn Nederlân reedriden waard, want hy hie der sels noch nea iis lizzen sjoen. Hy bewearde dat yn 1998 de lêste Alvestêdetocht wie en frege út it neat wei oft we de film The Human Centipide koene. Dat is ien fan de walchlikste en minste films fan dizze iuw, dêr’t in nuvere Dútser minsken mei kont en mûle yn oaninoar naait om in minsklike tûzenpoat te meitsjen.

It docht bliken dat dy film makke is troch in Nederlânske regisseur. Dat wist ik net. Dy regisseur, mei de net-Nederlânske namme Tom Six, blykt ek in film makke te hawwen oer Dries Roelvink dy’t ûntfierd wurdt. Dat liket my noch bêst grappich. Sa haw ik yn Litouwen fan in dronken Poal wat leard oer myn eigen kultuer.

Wy misten de lêste twa bands, omdat wy nachts weromrieden nei Fryslân, 1700 kilometer. Dat rêden we yn 21 oeren en wiene moandei op ’e ein fan ’e middei werom om Ate thús ôf te setten. De auto starte by Ate syn hûs wei net mear; de akku hie koartsluting. Der kaam reek út en de akku moast troch de ANWB ôffierd wurde.
Neffens de man fan de Wegewacht wie it in gefaarlike situaasje, mar ik koe der net mei sitte en wie foaral hiel bliid dat dit pas yn Fryslân barde en net doe’t ik yn myn ientsje earne yn Poalen wie.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter