Diel dit berjocht

In memoriam foar in taal

Midden yn de boufak krige ik fia de mail de fraach oft ik wat dwaan koe mei Frysk en gedichten op basisskoalle Klaver Fjouwer yn Aldegea. It soe moai wêze om wat mei ‘fergetten wurden’ te dwaan, lykas skelk en ornaris en kerbûstich.

Sa waard ik ferline wike tongersdei troch in frou fan stasjon Drylts helle en nei de skoalle brocht. Dy skoalle stiet al op in bysûnder plak, op it krúspunt fan twa strjitten mei de nammen Tsjerkemar en Simmersnie. In adres dat al in gedicht wurdich liket.

Mear as fyftich bern hawwe harren favorite wurden opskreaun en dêr sinnen mei betocht. “Ik wenje yn de Simmersnie”, sei in famke mei ljocht hier. “Ik hâld mear fan wurden as fan sinnen”, fûn in klassegenoat.

De bern skreaune – om te oefenjen mei in tekstylstift – harren namme op myn nije skelk. Dêrnei hawwe se harren sinnen op in grut tafelkleed skreaun. Sa bliuwe de wurden langer bewarre – kinst it kleed oant fjirtich graden waskje en se bliuwe der gewoan op stean. Sille se op de grutte reüny, oer in fearnsiuw, harren taal fan no noch hieltyd begripe?

Wurden ferdwine en dat docht somtiden sear. Yn de tv-searje Het Vuur van de  Friezen (Omrop Max) learde presintator Huub Stapel in wurd dat er hiel moai fûn: ûntfytmanje. Hy fertelde it grutsk oan syn Fryske gastfrou, mediapersoanlikheid Nynke de Jong. Dy hie der nea fan heard! Se bearde as wie it mar poepelderij wat Huub sei.

Earder yn de wike siet ik op in terras yn Frjentsjer. Twa jonge froulju hiene it dêr oer dichter Sipke de Schiffart en syn nije bondel. Der siet ek in hûntsje by, in bijke.

De iene frou sei tsjin de oare dat Sipke in rûge dichter is en dy hiele nije bondel giet oer de dea. Mar hy is ek in gefoelige dichter, dat is te fernimmen oan in fers dat er foar syn húsdier skreau. As it bistke stjert, dan ferdwynt ek de taal dy’t de dichter tsjin him praat. “Och, wat leaf,” fûn de oare frou. “Ja, sokke talen ferdwine ek.” Dêrnei seine beide wat tsjin it hûntsje, mar ik ferstie der neat fan.

da is de boiten

der binne sirka 7000 talen
op de wrâld
de helte dêrfan wurdt bedrige,
tsientallen talen
stjerre alle jierren út;
as Kareltje Sannes,
ropnamme Karel of Kawol,
nei de kattehimel giet,
dêr’t Tokkie
op him wachet,
dan stjert der ek in taal út –
it taaltsje
dat wy yn it gesin
tsjin him
prate

(Sipke de Schiffart, Oan wjerskanten fan de Styx, Hispel, 2024)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter