Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (21)

Kattekuorke (foto Janna van der meer)

Wat is der oan barbecueën?

Wy binne oan it barbecueën yn ’e tún. De hûn leit ûnder de tafel en poes sit neist myn klapstoel. Ik fyn dat bearegesellich. Se hearre by ús en mei ús allen binne we in húshâlding.
Sels fine se dat ek. Wy binne harren thús.

It is belangryk om in thús te hawwen. Praktysk sjoen set him dat meastal oer nei it hawwen fan in hûs. Yn alle gefallen in fêst plak dêr’t it feilich is en je je eigen gong gean kinne.
Myn dochter siket in wenning yn Amsterdam. Se studearret yn ’e stêd, mar der binne net genôch studintekeamers. Dêrom komt se faak thús. Sa neam ik dat, mar foar har is it eins gjin thús. Myn man is net har heit en se is hjir net opgroeid. Se slept yn de útfanhûzerskeamer.
Iksels haw ek wolris in skoft thúsleas west, libbe doe út út in koffer, by freondinnen of kunde. Ferskriklik fûn ik dat.

Wêrom is barbecueën sa leuk? Ien reden is dat je it bûtendoar dogge. Net yn de keuken koaitsje hat wat aventoerliks. Eefkes fielt it as hawwe wy gjin dak boppe de holle nedich. As kinne wy ús rêde yn ‘e frije natuer en in net-betemme libben libje.

Ik aai de kat. Dy rekt har spinnend út. Sy wit wol better.

Janna van der Meer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter