Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (19)

Aurora (foto Janna van der Meer)

Mei elkenien hynsteride?

Dy’t foar in ezel berne is, komt nea op in hynder, mei dat kredo bin ik grutbrocht. It skriuwen fan wiisnoazige stikjes en kreative útlittingen yn it algemien binne fertocht. Ik ferbyldzje my blykber hiel wat. Dat heart sa net.

Mar ik kin der neat oan dwaan. It sit deryn. Us beppe siet bygelyks altiten parmantich heech op it hynder. Sels doe’t se al in ein yn ’e njoggentich wie, poeiere se noch har noas foardat se de doar útgie. Doe’t se eins net mear sûnder rollator koe, sette se har sinnen op in wynread eksimplaar. Se moast der moannen op wachtsje, mar dat hie se der foar oer, want se woe perfoarst ien dy’t krekt deselde kleur hie as har skuon.

It giet trouwens net allinnich om uterlik fertoan. Se hie in inerlike weardichheid. Sels foar de susters, dy’t har op it lêst oeral mei helpe moasten, wie se altiten freonlik. Dat is knap ast krekt yn it ruft poept hast.

Beppe is hûndert wurden. Se waard yn 1920 berne, op de Grinslanner klaai. Janna wie dêr in gewoane namme. Te gewoan, fûn se. Ienkear folwoeksen liet se har dêrom Janny neame. Wêrom’t ik de namme Janna tabedield krige, wie har in riedsel: sa deeglik en âlderwetsk!

Sy woe net Janna hjitte en ik bin grutsk op dy namme. It ferneamen fan bern is út de moade, mar ik fyn it moai. Boppedat: ik lykje op har. Ik fyn bygelyks ek – en it moat net gekker wurde – dat hynsteride mei. Hokker namme oftst ek krigest.

Janna van der Meer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter