Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (20)

Beampoppe (foto Janna van der Meer)

Wa krûpt der beammen oan?

Ik waard grut yn in krite mei mar in pear beammen. It wie oan de Aldegeaster Brekken, yn de Fryske Súdwesthoeke. De wyn hie der frij spul. Beskutting fûnst allinnich efter muorren.
As famke fan fyftjin fielde ik my kwetsber. Ik die stoer, mar hie eins ferlet fan oandacht en treast.
Op in sneon siet ik mei myn freondinnen yn de âldpapierkontener fan de fuotbalklup te lêzen. It wie ús om seksbledsjes te dwaan, mar myn each foel op in frouljustydskrift. Wêrom wit ik net. Ik blêde wat en fûn in fers dat my rjocht yn it hert rekke. Hélène Swarth skreau it yn 1884 en ik lies it krekt in iuw letter.

Medelijden

’k Weende stil en zie! terwijl ik
weende, werd mijn weemoed weelde.
Zachtkens zong de wind. Het was mij
of een hand mijn wangen streelde.

‘k Sloot mijn armen, liefdesmachtend,
om den boom, de groengetopte.
Trilde niet de stam? – Mij was het
of een hart aan ‘t mijne klopte.

It gedicht paste perfekt by myn langstme. Ik skuorde de side los en treau dy yn ‘e kontbûse fan myn spikerbroek. De oare deis socht ik in beam op. En doe’t ik der wis fan wie dat gjinien it seach, sloech ik de earms om ’e stam. En echt, it fielde krekt sa’t mefrou Swarth it opskreaun hie: wûnderlik en treastend.

Ik haw der gjin gewoante fan makke. Ik krûp nea mear beammen oan. Dochs stiet in beam foar my noch hieltyd symboal foar ús ferbining mei de natuer. En dan foaral it koesterjende derfan.

Tsjintwurdich is ús relaasje mei dyselde natuer swier fan skuld en eangst. Mar de natuer kin safolle mear betsjutte. Oftst no dichteres bist of in puber fan fyftjin.

Janna van der Meer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter