Diel dit berjocht

Kaspar – in nije release fan de Fryske Finylklup

Yn Ljouwert, binnen de muorren fan poppoadium Neushoorn, waard ôfrûne freed in nije útjefte fan in Fryske artyst fierd. De Friese Vinyl Club, in gearwurkingsferbân dat him ynset foar it útljochtsjen fan Frysk talint op finyl, presintearre syn tolfde release. Diskear wie de eare weilein foar de talintearre Fryske muzikant Wiebe Kaspers, better bekend ûnder syn artystenamme Kaspar, mei syn album ‘This is Why’.

Kaspar yn Neushoorn

De Arena rûn stadichoan fol mei leafhawwers fan finyl en lokale muzyk. Kaspar, waans muzyk him ûnderskiedt troch harmonieuze en kalme klanken, wist mei syn liveband it publyk te betsjoenen. It optreden wie yntym en yntins en it publyk wie stil en geniete. Dy stilte waard omwiksele yn laitsjen, doe’t Kaspar by syn optreden besocht om in platespiler oan te sluten om syn nije plaat hearre te litten. Hy wist lykwols net hoe’t de platespiler wurke en it begûn in bytsje op in klucht te lykjen, mar dat wie in noflike ôfwikseling.

EP This is Why

De Friese Vinyl Club, in inisjatyf fan it Popfabryk, Neushoorn, Deepgrooves en Friesland Pop hat in belangryk plak yn it Fryske muzikale lânskip. Troch fjouwer kear yn it jier talintfolle Fryske artysten de kâns te jaan om harren muzyk op finyl te ferivigjen, wurdt harren in platfoarm bean dat net allinnich de artysten, mar ek de muzykkultuer yn Fryslân ferriket. Mei nammen as Esther de Jong, Faske en Ter Ziele dy’t earder op EP ferskynden, bout de klup oan in katalogus fan eksklusive útjeften dy’t der wêze mei.

Dy útjeften, parse by Deepgrooves en presintearre by de spesjale konserten yn Neushoorn, jouwe muzykleafhawwers in unike ûnderfining. Besikers fan it konsert krije nei ôfrin de EP fergees mei nei hûs. Foar de finylentûsjastelingen biedt de klup sels in lidmaatskip oan, dêr’t se net allinnich de plaat, mar ek de tagong ta it optreden fergees by krije.

De release fan ‘This is Why’ troch Kaspar is wer in goede útjefte fan de Friese Vinyl Club en ûnderstreket de muzikale ynnovaasje en kulturele ekspresje yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Friese Vinyl Club, takomstige releases of om lid te wurden op https://friesevinylclub.nl/.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter