Diel dit berjocht

Pier Boorsma, dichter ûnder de dichters

Snein yn it keunstnersdoarp Asgaard sitte we yn mienskipsromte De Witte Wolk, mei in ploechje poëzyleafhawwers. In poëzypicknick. It waait en docht, goed dat we diskear net bûten foardrage. Ien fan de besikers is Pier Boorsma (1944). De dichter sit foaroan, hy is mei Sipke de Schiffart yn de auto kommen. Sipke sil foardrage, hy hat syn nije bondel mei. “Hy is noch net online te besetten, mar leit faaks al by de Afûk”, seit er. Pier draacht net foar, al hat er ek in nije bondel út. Dy krige in kreas besprek yn de Ensafh. “Dyn bondel krige oars ek in moai besprek”, seit er. As der wat mei poëzy te rêden is, is Pier der gauris by. Hy praat mei elkenien, en reagearret op wat de dichters op it poadium hearre litte. Hy is op ’e hichte en lit him ynspirearje!

Sfearympresje Asgaard Picknick. Pier mei wyt hier yn ’e midden. Foto: Marjan út Fryslân.

Gabrielle Terpstra organisearret en presintearret. It wurdt in parade fan prachtige, eigenwize, ferrassende foardrachten – mei iterij en muzyk. Nei ôfrin sit Boorsma bûten op in stoel en wachtet oant Sipke klear is om fuort. It terrein is nei dagen fan rein feroare in moeras; der skarrelje wat hinnen en oare bisten om. Hat Pier wol wat te iten hân, wol myn oarehelte witte. De dichter seit dat er neat mear hoecht. Fierderop makket De Schiffart gebearten. Ik rop nei him: “Dat kin Pier dochs net sjen?” Hoefolle oft Pier sjen kin, is my trouwens in riedsel. Krekt in meter om him hinne? Mar hy lêst dochs alles, sels de lytse letterkes fan de Ensafh. 

Ien kear, hiel hiel lang lyn, neamde ik Pier yn in stikje in ‘minor poet’. Pier wie dêr net oer te sprekken. Ik bedoelde it net ferkeard, want ik fûn it in moaie útdrukking en miende dat men mei dizze oantsjutting dichters bedoelde ‘mei in lyts oeuvre fan benammen kompakte fersen’. Koartsein, de dichters ûnder de dichters. Nee, dêr hie ik even better oer neitinke moatten. “[Boorsma] Zijn werk doet denken aan de schrijfstijl van Obe Postma”, dat stiet op Wikipedia. Obe, in grut oeuvre, mei út en troch lange, of oars wol brede fersen, is foar my it foarbyld fan in ‘major poet’. Hie ik syn fers oer Minor Poets mar earder lêzen!

 

Minor Poets

(yn in boek oer Frieslands dichters)

Der binne Fryske fersen wêrfan ik, eltse kear as ik se wer sjoch, sis: wat is dat moai!
Meie sokke dichters no mei de namme, dy’t hjir boppe stiet, neamd wurde?
Nee! sis ik, dat kin ik net bêst hawwe, teminste net yn in boek foar Hollanners bedoeld.
Sa’n ien nimt syn Ten bruggencate en lêst dêryn, ‘minor: van den tweeden (of derden rang)’.
‘Ha, seit er, it kin dus ek fan de tredde rang wêze.’
Mar ik sis: ‘Kom do mar ris op mei in poëem fan dyn Masters dat my mear docht as dizze Fryske fersen’.
En dan hat er near mear te sizzen.

(Minor Poets, Obe Postma, út Samle Fersen, 1978, s. 133, omstavere troch AH)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter