Diel dit berjocht

Rauwe rântsjes

Ien kear yn it jier wurdt yn Breda it bysûndere BUT-filmfestival holden, in festival dat romte biedt oan de obskuere, de eigensinnige, en de minder polyste films. Dat doe’t my frege waard om dêr mei myn poëzy op te treden, hoegde ik net lang nei te tinken. Ik fiel my ferbûn mei dat festival, in outsider mei rauwe rântsjes.

De iepening op woansdeitejûn wie lang net trochsneed, mei de film Rats (2024). Dy gaoatyske film spilet him ôf yn de doe populêre Emo-kultuer fan 2007 en fertelt it bizarre ferhaal fan in psygoatyske plysje en in jonge dy’t in taakstraf útfiert troch te spionearjen by immen dy’t mooglik kearnwapens oan Osama Bin Laden ferkeapet. De film sette fuort de toan foar wat der komme soe.

By it festival servearje frijwilligers cocktails en wurdt der omraak dronken fan in eigenbroud bierke dat se dêr Bloody Hell neame — in ljocht, read bier mei in fruitige smaak. Twa jier lyn kaam ik al yn ‘e kunde mei dit festival, doe as frijwilliger. Troch myn wurk by it filmhûs yn Ljouwert hearde ik deroer en wie ik fuort ferkocht. Ik waard sûnder swierrichheden yn it team opnommen, as hearde ik der altyd al by.

Dit jier fielde it wer sa. Bekenden swaaiden entûsjast en groeten my as hie ik nea fuort west. By it ynkommen wurd ik daliks oansprutsen troch sa’n kunde. ‘Ik hjir?’ grapket er, sa’t er dat by alle gelegenheden docht.

It festival wurdt by de Nieuwe Veste holden, in grut plein mei sealen dêr’t films fertoand wurde. Op it plein sels is de iepeningsfilm op in grut doek te sjen, mar ek ferskillende frjemde acts, dy’t je nearne oars sa gau tsjinkomme. Sa hearde ik immen in gedicht foardragen oer vagina-nijd, wylst in grut doek útrôle waard dêr’t de wurden op ferskynden. Ik seach ek in elektroanyske act mei in sjongeres dy’t allinnich mar fûgellûden produsearre.

It is allegearre sa frjemd en underground, sûnder pretinsjeus te wurden, sa’t dat yn ‘e keunsten wol hiel faak te sjen is. It is dêr gewoan, rau en echt, en in hiel lyts bytsje ûnsjoch. Dat soene wy ek wat mear omearmje moatte. Dat mis ik nochal ris yn de kulturele wrâld fan Fryslân!

Gabrielle Terpstra

One Response

  1. In hiel lyts bytsje ûnsjoch, dan pas ik daar ook naadloos in. Mooie recentie, het rolt zo lekker uit je pen! Oant moan in Burgum.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • In hiel lyts bytsje ûnsjoch, dan pas ik daar ook naadloos in. Mooie recentie, het rolt zo lekker uit je pen! Oant moan in Burgum.

Lit in reaksje efter