Diel dit berjocht

Simpel is it nije nochter

“Simpel is it nije nochter”, sei ik, tsjin de sjauffeur en der waard mei ynstimming op reagearre. Mar ik tocht daliks, it klinkt tûk, krekt as sa’n maklik tekstplaatsje dat lju diele op sosjale media – mar doocht it wol? It wie in tins dy’t by my opkaam nei it lêzen fan kommentaren ûnder in artikel op in lokale nijsside. De kommentaren fan accounts dy’t harsels as minsken mei helder of boereferstân presintearje, litte krekt de meast platte ûnderliifklisjees los. Dat sa, ‘simpel is it nije nochter’. Mar men wit nea oft it wol echte minsken binne, en net trollen of ‘bots’. Boppedat, ik ha der gjin stúdzje nei dien, dat de idee dat minsken hjoeddeis simpeler binne, of dommer, dat kin ik sa wol miene – mar myn tinken makket it gjin feit. Is it oant safier noch te folgjen?

Fan ’e wike wie ik sjuerylid by in foardrachtfeestje op basisskoalle De Kinderkoepel yn Ljouwert. De bern droegen gedichten foar, soms eigen wurk, somtiden fûn fia google. Fan Juf Laura krige ik neitiids in boekje, 25 Fryske Foardrachten, dat ferskynde yn 1947, in tiid dat de minsken skjin harren bekomst hiene fan termen as omfolking. Domfolking hiene se grif nea fan heard. Mar domme minsken wiene der likegoed, en dy domme minsken wiene neffens harsels ek doe ‘net dom’. Ien fan de bondele gedichten is skreaun troch Otte Sijes Akkerman (1872-1956), de heit fan skriuwer Paulus Akkerman, en dat is dit:

NET DOM

Twa twillingbroers dy liken
Sá sprekkend op elkoar,
Dat nimmen koe dy beiden
Gewoanliks útinoar.
Kaam ien fan beiden hjir of dêr
Dan hie men fuort it praatsje wer:
Wa binn’ jo nou, as ’k freegje mei,
Is ’t Jan dy ’k foar my ha, of Kei?

Mar ien fan beide bruorren
– Sa goed as ’k wit wie ’t Kei –
Waard tige siik en rekke
Doe oan dy sykte wei.
En d’oare, dy yn libben bleau,
Trof efkes letter in goefreon.
Dy frege koart: – Hoe is dat no,
Wa is ferstoarn. Jo broer of jo?

(gedicht fan O.S. Akkermans, út 25 Fryske Foardrachten, gearstald troch P. Terpstra).

Arjan Hut

 

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter