Diel dit berjocht

Wês net bang

Hjoed is it Fryske befrijingsdei.

Yn de hal fan Beyers Naudé yn Ljouwert sammelje de earsteklassers har yn de hal by it oarlochsmonumint. In muorreskildering. Underoan de skildering fan in ingel dy’t in soldaat fuorttriuwt, steane de nammen fan fyftjin âld-learlingen dy’t ûnder de besetting omkommen binne.

Op de skildering stiet ek in tekst, yn it Gryksk. It is in tekst út de Bibel, Iepenbiering fan Johannes 2, fers 10. ‘Wês net benaud foar it lijen dat dy te wachtsjen stiet. Bliuw trou oan ’e dea ta, dan sil ik dy de oerwinningskrânse fan it libben jaan.”

Yn de oanrin nei de betinking hjoed, ha we mei de bern in pear lessen oan it dichtsjen west. Dat barde ûnder de lessen Frysk by dosint Jelte Pinkster.

Wy keazen ‘wês net benaud’ as tema en binne sa oan ’e slach gien. Elkenien yn syn eigen wurden, eigen taal, leafst, en besykje net allegearre itselde te skriuwen. Net rymje, sis ik, dat makket gedichten net better. En asto dan dochs rymje wolst, dan is de kombinaasje ‘oarloch foarby, we binne frij, elkenien is blij’ ferbean. Hâld it ienfâldich. Lês it ris lûdop, rint it goed?

Yn in hiel soad klassen yn Fryslân sitte bern dy’t flechtsje moasten út Syrië of de Oekraïne. Dochs is it dreech foar learlingen om har wat foar te stellen by de besetting en hoe’t it wie doe’t de Kanadezen de provinsje ynrieden. Feest, yn in stikkene wrâld en fertriet om de minsken dy’t net weromkomme. Hope, en tagelyk wantrouwen. Gefoelens fan wraak, mar ek: sa net wer.

Fjouwer learlingen lêze by de betinking harren gedicht foar. It is wat ûnwennich, der klinkt applaus, mar dat hoegde dochs net? Menear Pinkster lêst de nammen fan de fyftjin âld-learlingen op dy’t omkamen. Foar elk wurdt in kears oanstutsen. Under de minút stilte hearre we lûden út oare lokalen, slaande doarren op in oare ferdjipping.

Ta einbeslút hingje alle learlingen harren gedichten op by it monumint. By bevo ha se der kaarten fan makke. De swart-wite printen mei de wurden dernjonken sjogge der stylfol en tiidleas út. Ien fan de gedichten is fan Tooske. Sy hat har tekst by de betinking foardroegen. Yn har eigen wurden, ienfâldich, en yn it Frysk.

Net bang

Wês net bang
We binne tegearre

Wês net bang
We binne der om mekoar te helpen

Wês net bang
It giet wol wer foarby

Wês net bang
Do bist by my

(Tooske, 1a, Beyers Naudé).

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter