Diel dit berjocht

Yn de besnijing fan in hûndert jier âld gedicht

Oktober 2022. Ik en ús Iwan ha in pear dagen en nachten trochbrocht op de Folkshegeskoalle, as toeristen. Sa faak geane we der net op út; dizze trip nei Skylge is foar ús al bysûnder. Spitigernôch bin ik de hiele tiid smoarferkâlden. Dêr wie ik al benaud foar: op it stasjon fan Ljouwert wie de meiwurker fan de Bruna dúdlik koartsich en beroerd, hy prúste en krimmenearre. 

Op it fear fan Harns nei it eilân makke ik oantekeningen yn myn boekje oer wat ik allegearre om my hinne seach en hearde. De see, griis as klaai yn de hjerst, en in âlder stel dat njonken ús siet en dêr’t de man fan ferdwaalde doe’t er nei it húske moast. Op it eilân ha we kuiere en nachts nei see west. It wie sa tsjuster (troch bosk, oer dunen) dat we letterlik net in hân foar eagen seagen. Ik besocht om dy oerweldigjende blinens en it ûntsach dat it inkeld lûd fan de see allinne al oprôp – in ynkâld meunster dat klearleit om ús op te fretten – fêst te lizzen yn notysjes.

Yn de tas ferskate boeken mei. Gjin telefoan, gjin telefyzje, mar lêze, hearlik, op ús hotelkeamer oan de râne fan ’e bosk. Ta de nacht út lêze. Under oaren Ik, robot (Isaac Asimov), in bondel fan Vasalis en The Wasteland, fan TS Eliot. Dy lei al in twa jier op de te lêzen steapel, in útjefte mei hurd omkaft. Ik wie benijd wêrom’t krekt dit boek fan hûndert jier âld sa’n klassiker is: soe it my op de ien of oare wize oansprekke? De earste rigel “April is the cruellest month”, dy komst wolris tsjin op ûnferwachte plakken. Ik hearde him yn in ôflevering fan The Simpsons. Wêrom is april de wreedste moanne? Hoesa kin de dichter de maitiid sa min ferneare?

Yn de bus fan de Folkshegeskoalle werom nei de haven besocht ik noch wat fierder te lêzen, al gie dat dreech. Gapjend (ús boat gie betiid) seach ik mei it boek op ’e skurte wat om my hinne. De noas drûge my einlings op. Foaryn de bus rôle op in skermke reklame foarby, mei sa’n rinnende tekst derûnder mei nijs. Ien berjocht gie oer in botsing tusken in fearboat en in wettertaksy. Ik seach it, miende dat it nijs fan juster wie, fan earne oars op de wrâld.

Yn de haven wie it drok. Der stiene plysjeweinen en in sike-auto. Der foelen boaten út, we moasten noch in hiel skoft wachtsje. Kocht kibbeling foar Iwan fan de fiskkarre. Op it fear, middeis al, sloech ik The Waste Land iepen. ‘Death by water’, it fjirde part, dêr wie ik. Om my hinne de rûs fan stimmen, oer de botsing, moarns yn it tsjuster, en dat der minsken fermist binne.” Lês: ‘A current under sea / picked his bones in whispers’.

Yn my begûn wat te wieljen. Der wie in jonge fermist, ik sjoch nei ús Iwan. Iwan sjocht nei de restauraasje, de kibbeling is alwer fergetten. Ik tocht oan ús kuier troch de bosk yn it tsjuster. De lûden fan de see, ûnsichtber yn de nacht. Yn Harns stiet de kaai fol mei weinen fan helptsjinsten. It is stil as de passazjiers nei lang wachtsjen einlings fan de boat meie.

Jûn (tiisdei) om 19.30 oere fertel ik yn Slieker foar de fertoaning fan de dokumintêre The wasteland wat oer it gedicht fan Eliot, hoe’t it my fierder yn ’e besnijing krige en wêrom’t ik tocht dat it in goed idee wie om der in persoanlike fariaasje op te skriuwen. Eeltsje Hettinga publisearre in pear jier lyn op syn blog in oersetting fan diel ien. Dêrfan hjir de earste strofe:

 

I De útfeart fan de deaden

Foar Ezra Pound
Il miglior fabbro

April, de alderwreedste moanne, bringt
Seringen op út deade grûn, bemingt
Oantins en langstme, riert
Slop woartelguod troch maitiidsrein.
Winter hold ús waarm, de ierde
Yn ferjit jaande snie bestopjend,
Fuorre ûntúch mei drûge knollen.
Simmer kaam ús oer ’t mad, kaam oer de Starnbergersee,
Mei in fikse snjitter; wy sochten skûl yn de pyldergong,
En rûnen troch yn ’t sintsje, de Hofgarten yn,
En dronken kofje, en praten in hoart.
Bin gar keine Russin, stamm’ aus Litauen, echt deutsch.
En doe’t wy bern wien’, útfanhûs by de aartshartoch,
Myn neef, naam er my mei te slydskjen,
En ik wie bang. Hy sei, Marij,
Marij, hâld dy beet. En del gong it.
Yn de bergen, dêr fielst dy frij.
Ik lês ta de nacht út, en gean by ’t winter om súd.

(TS Eliot, The Wasteland, 2022, oersetting Eeltsje Hettinga)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter