Waarpraatsje: Wykein mei twa gesichten

DE JOUWER – Wy sitte yn in lange rite mei ûnstabyl, mar dochs ek wol noflik maitiidswaar en dat bliuwt foarearst ek sa. It wykein hat twa gesichten. Snein liket de bêste dei te wurden. Sneon kin it earst noch reine en letter kin der in bui falle. Yn ‘e middei komt de sinne der […]

Frysktalige tsjerketsjinsten 26 maaie 2024

Bitgummole Tsjerke 9.30 oere ds. A. Terlouw De Rottefalle Tsjerke, 9.30 oere hr. J. Klimstra Itens Martinitsjerke, 10.00 oere A.M. Dijkstra-van der Woude mei de Itenser Sjongers û.l.f. Hindrik van der Meer Ljouwert Grutte Tsjerke, 19.00 oere ds. P. Beintema fesperfiering mei Peter van der Zwaag (oargel) en Martha de Boer (lêzingen) Oerterp Sint-Pitertsjerke, 9.30 […]

Troch de bouhoeke

Eabele van der Veen: It Jabikspaad del (4) Fan Frjentsjer nei Minnertsgea Op 30 jannewaris 2020 kuierje ik wer in part fan it Jabikspaad. Om alve oere hinne kom ik yn Frjentsjer oan op it plak dêr’t ik de foarige kear opholden bin. Foarby de brêge oer it Van Harinxmakanaal begjint it histoaryske stedssintrum. It […]

Hûnderten Friezen byinoar by Upstalsbeam yn Dútslân

AUWERK – By it Dútske Auwerk kamen ôfrûne tiisdei sa’n 250 Westerlauwerske Friezen, Ostfriezen en Nordfriezen gear foar it jierlikse treffen, organisearre troch it Friesische Forum. Op it plak fan de Upstalsbeam waard yn de tiid fan de Fryske frijheid yn de midsiuwen oerlein troch fertsjintwurdigers fan de ferskillende dielen fan Fryslân oer de rjochten […]

Fryslân pakt regy op enerzjysysteem fan de takomst

De Fryske oerheden, netbehearders en de Fryske Enerzjy Alliânsje (FEA) hawwe mienskiplik in konsept-enerzjyfyzje opsteld oer hoe’t se it Fryske enerzjysysteem duorsum ynrjochtsje wolle. Fryslân wol yn 2050 de nedige duorsume enerzjy sels produsearje. De konsept-enerzjyfyzje giet no foar konsultaasje nei alle Fryske kolleezjes, de netbehearders en de dielnimmers fan de Fryske Enerzjy Alliânsje. Yn […]