Diel dit berjocht

Wurkwinkel yn de simmerrein

De simmer stiet heech oan ’e loft —
de ûngetiders hâlde efkes skoft.
’t Hea leit yn wudzen ree —
yn de finne leit it fé.

Master slút de skoalledoar —
sa’n fakânsje hat wat foar —
mei syn frou en alle bern
wol hy wat fan de wrâld sjen.

Yn it doarp is ’t drok fortoan —
bussen ride ôf en oan —
pake en beppe gean’ ek mei,
’t wurdt hjoed grif in moaije dei!

Sa dichte frou W. de Boer-Wiersma út Mitselwier. Har wurk is sammele yn it bondeltsje Ut ’e Braskoer (Kamminga, 1972). Hoe oars leit it waar derhinne as ik op in freed, ein augustus, yn de bestjoerskeamer fan Hotel Oostergoo yn Grou sit. Oan de muorre hingje swart-wytportretten fan âlde wite manlju, en swart-wyt foto’s fan sylboaten yn aksje. Ik moat bûge om troch de lege finsters te sjen. Dêr leit de mar, en fier oan de oare kant huzen mei reade dakken.

Ik kaam mei de trein út Ljouwert mei in tasfol stiften en papier. It reinde al yn Ljouwert en sels mei de paraplu is it my net slagge en hâld alles droech. De simmer jout it oer, sa liket it. Noch in wike en dan moatte alle bern alwer nei skoalle. We sitte yn de sturt fan de fakânsje.

Ik bin yn it hotel om te wurkwinkeljen mei bern. In pear hawwe har opjûn yn it ramt fan de Simmerspulwiken. In wykmannich earder soe it ek al heve, mar doe wie it sok moai waar en net ien kaam foar de wurkwinkel. No stoarmet it, de wyn besiket de boatsjes út it wetter op te tillen en wer del te slaan. Grize en swarte loften sûzje fast forward oer it doarp. Ik sjoch op it horloazje, noch in minút of tsien. Under, op de strjitsjes dy’t it doarp trochsingelje, is net in minske te sjen. Ik nim noch in hotelkoekje.

W. de Boer-Wiersma, har ‘ferskes binne ienfâldich fan ynhâld, gjin literatuer, mar foar de gewoane minsken’, skriuwt útjouwer Kamminga foaryn. Thús barste de kasten fan de boeken en omdat der hieltyd mear by komme, moat der ek wolris wat fuort. Ut ’e Braskoer fan frou De Boer-Wiersma stiet op de nominaasje. Ik tink dat ik him noch ien kear lês, en dan yn de boekebak by Tresoar set.

Sa prakkesearje ik in bytsje, sjoch nochris om my hinne, der komme wat rigels by my op. Ik krij in kladblok út de tas. Fan Herberch Oer ’t Hout, krekt fierderop. In gedicht oer de ein fan ’e simmer? Simmerrein, in moaie titel. Ik sil it opskriuwe, mar it papier is wiet. Dan stommelje der stappen de trep op. De mefrou fan it hotel seit: “Kom mar, hjirre del, we binne der hast.” Under in wjerljochtslach klapt de doar iepen. Dêr silst de earste jonge dichters al hawwe!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter