Minne freed

DE JOUWER – Nei in noflike tongersdei krije wy in wiete freed. Tongersdeitenacht bliuwt it noch drûch. Boppe it fêstelân fan de provinsje stiet hast gjin wyn, by de kust lâns is de wyn matich út it noarden. It wurdt 14 graden. Freed is de loft berûn en it kin in hiel skoft reine. By […]

Acht winners Rely Jorritsmapriis 2024

Trije ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), ‘Wollekje’ fan Geert Nauta (Ljouwert) en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten (Dronryp), ‘servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Yn elke […]

NeSpoon makket muorreskildering fan 19e-iuwsk kolleksjestik

De Poalske keunstneresse NeSpoon makket sûnt ôfrûne freed yn opdracht fan it Frysk Museum in muorreskildering op ’e gevel fan Restaurant Wannee fan NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se stiet bekend om har unike wurken mei patroanen fan kant- en borduerwurk en wûn dêr ferskate prizen mei. Foar de skildering yn Ljouwert liet NeSpoon har […]

Sizzen is neat, dwaan is in ding

De besiker fan it popfestival dêr’t in orkaan oer húsholden hat, freget him ôf wêrom’t de organisaasje gjin meteorolooch yn tsjinst hat. It Twadde Keamerlid easket belied tsjin it pesten op skoalle. It konsultaasjeburo oerlaadt âlden mei fragelisten, protokollen en in bernedossier om risiko’s safolle mooglik yn kaart te bringen. En de boarger easket beskerming […]